Alwer Esther en Tjipke op it iepen kampioenskip pearketeatsen Littenseradiel
Ut in list fan, skrik net, fjouwer en fjirtich pertoer kamen Esther Hoitenga en Tjipke Okkema dit jier wer as bêsten nei foaren. Yn in spannende finale wûnen sy fan Jitske Arendz en Willard Terpstra mei 5-5 en 6-2. Jitske en Willard hienen mei harren krachten smiten yn de fjirde omloop. Hjir moasten sy it opnimme tsjin de finalisten fan ferline jier, Wiepkje Hiemstra en Feite de Haan. Dit wisten Jitske en Willard te winnen mei 5-3 en 6-6. Wiepkje en Feite moasten dit jier genoegen nimme mei in fjirde priis. De oare fjirde prizen wienen foar Trees Bos en Lieuwe Fopma, Pauliena Kastelijn en Albert Jonker en Aukje Nauta en Ido Altenburg. Aukje en Ido wienen de winners fan de edysje 2007.
foto’s op: http://www.mijnalbum.nl/Album=PANL7LPT (link copy & paste yn adresbalke explorer)
Yn de ferliezersronde wienen de prizen foar Froukje Dijkstra en Hans Sloot, Gwenda Hemstra-Stienstra en Jan de Groot en de 3e wie hjir foar Alida Arendz en Pieter Klaversma. Moarns om goed tsien oere wienen alle njoggen perken fol en twa oeren letter wie de hiele earste list los en wie de kop ek fan de twadde list of. Doe like it der noch op dat we fiif oere ut koenen mar in flinke bats wetter soarge derfoar dat eltsenien efkes fan it fjild moast. In tige gemoedlik mar fûleindich barren en in noflike neisit docht ús alwer útsjen nei takom jier. In tige slagge dei. Foto’s fan it pearketeatsen
Geplaatst op 21 June 2009